Bernard Smilde hat op alderhanne mêden namme makke. As dominy, as bibeloersetter, as oersetter, berimer en dichter fan lieten, as komponist, útfierend musikus, musikolooch en hymnolooch wie er jierren warber en liet er as publisist fan him hearre.
Santjin promininte saakkundigen dy’t mei Smilde gearwurke hawwe, jouwe yn fyftjin bydragen omtinken oan aspekten fan en ûntjouwings op de neamde fakgebieten en oan de ynfloed dy’t Smilde dêrop hân hat. Mei trochdat efteryn syn hiele oeuvre yn kaart brocht is, ûnsti…





